Minder publyk by de PC: sneon sa'n 2.000 kaarten minder te keap

De nije coronamaatregels hawwe ek ynfloed op it tal kaarten dat foar de kommende PC ferkocht wurde. De PC hat freedtejûn it beslút naam om twa tredde fan it oantal sitplakken te ferkeapjen: dat betsjut sa'n 2.000 sitplakken minder. Hoe't it fierder mei de organisaasje komt is op dit stuit noch net dúdlik.
© Orange Pictures
De PC stiet foar woansdei 4 augustus op it programma. PC-foarsitter Ids Hellinga: "Wy hawwe ús no earst rjochte op de foarferkeap fan de kaarten. En dy begjint op sneon 10 july om 10.00 oere. Minsken moatte der dus rap by wêze. De rest fan de organisaasje is útfiering, ek de fraach: wat is krekt akkommodaasje. Dêr sille wy kommende wike fierder oer prate."

Hoareka noch ûnwis

De PC woe dit jier mei testen oan de yngong folle bak publyk draaie. Ek soe it terrein fan de PC mei in stik fan de Voorstraat en de Vijverstraat útwreide wurde. Dêr soe plak komme foar ferskate hoareka-ûndernimmers út Frjentsjer.
Hellinga hat op dit stuit noch gjin idee oft dat no trochgean kin. Der hat al koart oerlis west mei boargemaster Waanders fan Waadhoeke, mar besluten binne der op dat punt noch net naam. Hellinga: "Dat komt yn de kommende wiken."
Keatse út de loft wei © Omrop Fryslân

Minnertsgea

Ek Keatsferiening Minnertsgea sil gearkomme oer de nije situaasje, seit foarsitter Jacob Wassenaar. Minnertsgea soe itselde systeem tapasse as de PC en soe syn haadklasse partij (foar manlju én froulju) op woansdei 21 july ek draaie mei folle bak publyk. Sels mei in feesttinte mei live muzyk.
Dat lêste mei net mear ûnder de nije regels. Mar fierder hopet Minnertsgea de partij dochs te organisearjen sa as it betocht is. Wassenaar: "Wy hawwe in hiele romme akkommodaasje. Wy soene ek noch it fuotbalfjild der by brûke kinne. Dan hawwe wy noch mear romte. Mar wy sille takom moandei om tafel en dan sille wy sjen wat der mooglik is."
De Freule yn 2020 © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Freulepartij

De Freulepartij yn Wommels stiet foar woansdei 11 augustus op it programma. De kaartferkeap set útein op 16 july. Foarsitter fan de Stichting Freule, Tjeerd Dijkstra, seit dat ek it Freule-bestjoer him beriede sil. "Wy komme moandei byinoar en dan sille wy sjen wat der mooglik is".
Ek de Freule soe mei testen oan de yngong wurkje. Boppedat sil it terrein fan doarpshûs It Dielshûs by it fjild lutsen wurde, sadat ek by dizze partij in hoarekaplein by it keatsfjild hearre sil. De bedoeling is om bûten live muzyk te hawwen, mar de nije cronaregels ferbiede dat.
Ek Dijkstra sjocht it, lykas Wassenaar, noch wol sitten. "Wy hawwe in grut fjild, dus ús akkommodaasje kin ek by twa tredde besetting hiel wat publyk hawwe".