Kabinet wol Spoarweiwet oanpasse foar foech by net-befeilige spoaroergongen

09 jul 2021 - 21:35

It kabinet wol sels beslute kinne oer it opheffen fan net-befeilige spoarweioergongen. Steatssekretaris Stientje van Veldhoven wol de Spoarweiwet oanpasse. Der moat in saneamde 'aanwijsbevoegdheid' yn opnaam wurde. Dy jout it foech oan it Ryk om te besluten dat in oerwei fuorthelle wurde moat.

In net-befeilige spoaroergong tusken Hylpen en Molkwar - Foto: Omrop Fryslân

Om de spoarweioergongen sûnder tafersjoch is in soad te dwaan om't der yn juny twa minsken om it libben kamen by sa'n oergong yn Boazum. De oergong waard net befeilige troch spoarbomen, ljochten of lûd.

Ympasse foarkomme

Spoarbehearder ProRail is al jierren dwaande mei it oanpakken fan de gefaarlike punten. Mar dat kin op dit stuit allinne as de gemeente it beslút nimt of as der oerienstimming mei grûneigeners is. Faak kostet it in soad tiid en somtiden komt in kwestje yn in juridyske ympasse telâne.

Gemeenten meibetelje

Yn 2018 advisearre de Onderzoeksraad voor Veiligheid al om de Spoarweiwet oan te passen. Dêrmei komt it foech dus by it kabinet te lizzen. Boppedat kin der ek bepaald wurde dat in gemeente meibetelje moat oan it feilich meitsjen of it opheffen fan sa'n oergong. It giet neffens Van Veldhoven om in 'lêste rêdmiddel.' De ministerrie is akkoart mei de oanpassing fan de wet. Sy hoopje dat it op 1 jannewaris 2022 yngean kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)