Oplichter út Snits moat de sel yn en behannele wurde

09 jul 2021 - 21:16

In âld-ynwenner fan Snits hat oardel jier sel krigen foar it oplichtsjen fan hûnderten minsken fia Marktplaats. De 24-jierrige man bea guod te keap oan, mar levere neat as minsken wat kocht hiene.

Foto: Shutterstock.com (Song_about_summer)

Fia Instagram helle hy ek minsken oer om te ynvestearjen yn syn 'crypto mining machine'. Sy moasten dan wol harren pas en pinkoade by him ynleverje. Dat smiet de feroardielde tsientûzenen euro's op.

Neffens saakkundigen is de man fermindere tarekkenber fanwege in persoanlikheidssteurnis. Njonken de selstraf moat er him ek behannelje litte. Yn 2019 waard hy al ris feroardiele foar in oerfal op in restaurant op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Snits rjochtbank oplichting
(Advertinsje)
(Advertinsje)