Kabinet trapet op de rem: lês hjir de nije maatregels foar hoareka en eveneminten

09 jul 2021 - 21:17

Alles wiisde der al op, mar demisjonêr premier Mark Rutte hat opnij coronamaatregels oanskerpe. It hat benammen gefolgen foar de hoareka en foar evenementen. "Het is niet leuk, maar wel noodzakelijk," sa sei Rutte. "Alles wees erop dat we ons konden opmaken voor een mooie zomer, maar er is toch een wolk voor de zon geschoven."

Foto: ANP

Troch de saneamde Deltafariant giet it firus rapper rûn as earder. Neffens Rutte docht bliken dat it oprinnende oantal besmettingen benammen komt troch feestjes by minsken thús en troch it stappen yn kafees, diskoteken en klups. "Met een toegangstest, herstelbewijs of vaccinatiebewijs kon het samen dansen weer. Maar de cijfers zijn duidelijk, het heeft toch geleid tot grote uitbraken van besmettingen.

Hoareka

Dêrom jildt fan sneon 10 july om 6.00 oere oant sneon 14 augustus om 0.00 wer nije regels foar de hoareka:

  • 1,5 meter ôfstân en in fêst sitplak wurde wer de noarm, binnen én bûten
  • It systeem fan 'testen voor toegang' wurdt foarearst loslitten
  • Tusken 00.00 en 06.00 oere moat alle hoareka ticht bliuwe
  • Ferdivedaasje is net tastien: dus live-optredens of fuotbalskerms meie net

Eveneminten en kulturele sektor

Foar evenementen en de kulturele sektor jilde ek wer nije maatregels:

  • Eveneminten oer meardere dagen (mei oernachtingen, lykas in festival) binne net tastien oant 14 augustus
  • Foar eveneminten op ien dei (lykas in foarstelling) jildt wer dat der 1,5 meter ôfstân hâlden wurde moat
  • It 'testen voor toegang'-systeem mei hjir noch wol, dan mei ek de 1,5 meter ôfstân loslitten wurde
  • Eltsenien moat wol in fêst sitplak hawwe

Fierder hat demisjonêr premier Rutte bekend makke dat de tagongstesten tenei noch mar foar 24 oeren jildich binne, yn stee fan foar 40 oeren. Hy rôp fierder minsken op om feestjes thús 'klein en beheersbaar' te houden.

14 augustus opnij sjen

Rutte sei fierder: "Op 14 augustus nemen we de stand van zaken opnieuw in ogenschouw, dan zullen we bepalen wat er weer mogelijk is." Ek joech hy oan begryp te hawwen foar de teloarstelling by de sektoaren dy't troch de beheiningen trodden wurde. "Maar als we niets doen, loopt het tempo op. We zien nu al een verzevenvoudiging van besmettingen."

De mooglikheid dat Nederlân troch de nije maatregels op 'read' komt te stean en Nederlanners net mear wolkom wêze soene yn oere lannen, neamde Rutte net liedend foar it beslút. Neffens him wie it earder in 'bijkomend effect.'

(Advertinsje)
(Advertinsje)