Miljoenen nei 'Aanvalsplan Grutto': startgebieten noch net bekend

09 jul 2021 - 20:27

It ministearje fan Lânbou stekt foar de kommende twa jier 5 miljoen euro yn it Aanvalsplan Grutto, in plan fan natuerorganisaasjes en boeren om greidefûgels te rêden. Inisjatyfnimmer Pieter Winsemius is wiis mei de stipe, mar seit ek dat der mear nedich is. Heal wurk ôfleverje soe fataal wêze, sa seit hy.

Foto: Shutterstock.com (Leo Bucher)

Minister Carola Schouten is fan doel om tusken 2023-2027 yn 'e mande mei de provinsjes 67,5 miljoen euro beskikber te stellen. Winsemius wiist ek op it belang fan in goede finansiering foar de boeren. It plan falt of stiet mei harren dielnimmen, sa stelt hy.

Oerlis mei provinsjes

Schouten hat de Twadde Keamer yn in brief ynformearre oer de petearen mei provinsjes om ta ôfspraken te kommen. Sy skriuwt oer de bydrage: "Hierover ga ik in overleg met provincies en onderzoek ik de mogelijkheden om verbinding te leggen met lopende programma's. Mocht de aanvullende dekking niet gevonden worden dan zal ik in overleg met provincies onze ambitie bijstellen."

Gebieten noch net bekend

Foar de koarte termyn is de 10 miljoen euro beskikber om yn in tal gebieten útein te setten. Hokker gebieten dat wurde, moat yn oerlis mei provinsjes en de lânbou besletten wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)