Romke de Jong nei 100 dagen as Keamerlid: "Nocht om troch te gean"

09 jul 2021 - 18:14

Romke de Jong fan De Gordyk is eksakt 100 dagen Keamerlid foar D66. Hy kaam yn maart de Keamer yn: "It begjin wie heftich, nei de ferkiezingen. Doe moast der debattearre wurde oer it kabinet dat der komme moast. Doe hie ik echt nachten dat it somtiden sels nei 3.00 oere waard."

Romke de Jong - Foto: ANP

De Jong fynt it bysûnder dat syn partij mei 24 sitten yn de Keamer kaam. "Mar as grutte fraksje wurdt ek mear op je let. It is leuk, mar somtiden mis ik thús ek wol. It is ynienen wol fier fuort. Ik besykje tongersdeitejûn nei it stimmen altyd werom te riden nei Fryslân. Ik bin altyd bliid as ik De Lemmer wer foarby ryd."

D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong fan De Gordyk

De nije baan is hiel wat oars as it runnen fan it iiskofabryk op De Gordyk, wat hy earder die. "Mar ik haw wol nocht om troch te gean."

Om jesels tinke

De Jong hat wol murken dat hy der goed om tinke moat him net in slach yn de rûnte te wurkjen. "Ik tink der goed om. Je moatte goed je aginda beheare, goed yn byld hâlde wêr't je it ferskil meitsje wolle en kinne en sa no en dan ek 'nee' doare te sizzen. Want der komme in soad stikken en útnûgingen binnen, as je der net om tinke kinne je echt alle dagen oant djip yn de nacht dwaande wêze."

Formaasje

De ôfrûne tiid gie der ek in soad enerzjy nei de kabinetsformaasje. "De nije Keamerleden wurde yn koarte tiid ynwurke yn de programma's en de ûnderwerpen dêr't sy ferantwurdlik foar binne. Dy ûnderwerpen komme ek oan bar oan de formaasjetafel. Ek al sitte je der sels net by, je moatte wol input leverje en sjen nei mooglikheden foar it nije kabinet. Dêr set ik my hurd foar yn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)