Wer strangere coronamaatregels foar de hoareka: "In drege dei"

09 jul 2021 - 17:42

De hoareka moat om middernacht ticht en ek it 'Testen voor Toegang' wurdt beheind. Dat is wat demisjonêr premier Rutte en minister Hugo de Jonge nei alle gedachten oankundigje yn in parsekonferinsje freedtejûn. De maatregels soene oant 13 augustus aktyf bliuwe.

De regels yn de hoareka wurde stranger:

Johnny de Vries, eigener fan de Paradisobar yn Kollum fynt it in drege dei: "Wy binne sûnt 15 maart ferline jier ticht. Hast oardel jier. Wy hienen eins hope dat wy yn july, augustus wer los koene."

Jongerein krekt in keppel kij

Neffens Melle Bakker, fan Koninklijke Horeca Nederland ôfdieling Fryslân, sil in slutingstiid om middernacht net in soad helpe, om't der dan wol op oare plakken ôfpraat wurdt. De jongelju soenen op it stuit krekt in keppel kij wêze dy't de greide wer yn meie: "Dy wurde loslitten, se springe it lân yn en se dûnsje, fiere feest en binne bliid."

Bakker nimt it de jongerein net kwea ôf, mar hy hopet al dat se harren sûne ferstân brûke. Hy neamt bygelyks it gebrûk meitsjen fan Testen voor Toegang en de reguliere testen by de GGD: "De jongelju redenearje fan: ik wurd der net siik fan, mar wat se ferjitte is dat der gefaar op long-covid is."

Soargen oer jongelju

Neffens Linda Hasz fan GGD Fryslân binne de jongelju yndie de groep dêr't measte besmettingen wei komme: "Dat is ook de groep waar wij ons zorgen over maken. Het is een groep die snel besmet raakt, het snel overbrengt en lang klachten kan houden. Dat is wel onze zorg."

Oan Testen voor Toegang docht Paradiso net mei. De Vries: "Dat sjoch ik net sitten. Der bine noch net in soad tusken de 20 en 30 jier faksinearre. Dan soenen sy dat nei alle gedachten ien kear wol dwaan, mar dan hast noch gjin kontinuïteit." De Vries seit de dúnsflier pas te iepenjen as de oardel meter skrast wurdt.

Trefwurden: 
Kollum hoareka coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)