Earste Grinzer wynmûne pleatst yn Menaam

De earste saneamde Grinzer wynmûne is freed yn Fryslân iepene. Famylje De Boer hat de mûne freedtemiddei op harren boerehiem yn Menaam krigen.
Menaam hat in Grinzer wynmûne
De famylje woe al langer in wynmûne op it hiem, om't harren dak net geskikt wie foar sinnepanielen. Yn Fryslân wie it lang net mooglik om sa'n saneamde Grinzer wynmûne del te setten, omdat de provinsje sokke nije, allinnichsteande wynmûnen net tastie. It belied wie om allinne wynenerzjy op te wekken by de Ofslútdyk en op de Iselmar. Yn Grinslân binne al mear fan sokke mûnen pleatst, dat mei no dus ek yn Fryslân.

Sels stroom opwekje

De mûne is freed offisjeel iepene en oanset. Hy hat in tiphichte fan 21 meter en kin jierliks sa'n 44.000 kWh oan wynenerzjy opleverje. Dat betsjut dat de famylje foar in grut part selsfoarsjennend wurde kin. De mûne soe troch syn kleur opgean yn de omjouwing. De ferwachting is no dat mear boeren sa'n mûne op it lân hawwe wolle.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker