Jacht op reeën wer tastien op It Amelân: 14 oanridingen yn in healjier

09 jul 2021 - 17:30

Nei in healjier fan argewaasje tusken de provinsjale en de lokale behearders, wurde der sûnt koart wer reeën sketten op It Amelân. De jacht lei stil, omdat de provinsjale faunabehearders fûnen dat der allinnich op de bisten sketten wurde mocht op plakken dêr't sy foar oerlêst soargen.

Foto: ANP

De jagers hawwe in skoft lyn oanjûn dat sy net fierder wurkje kinne mei de oanwiisde 'hotspots' dêr't it wol mocht. Dat hie te krijen mei de toeristen op dizze plakken, seit Robert Oud fan de Wildbeheereenheid (WBE) op It Amelân.

It koe sa net

"Op een gegeven moment hebben we contact gezocht met bestuursleden van de Faunabeheereenheid, zij zijn op Ameland geweest om te kijken. Toen zijn we tot de conclusie gekomen dat het zo niet kon. Dus nu mogen we wel weer schieten op de plekken waar het minder druk is", leit hy út. Yn prinsipe komt dat del op de noardkant fan it eilân.

Robert Oud fan de Wildbeheereenheid (WBE) op It Amelân

Op It Amelân binne sa'n 300 reeën. Allinnich al yn de earste helte fan dit jier wiene der 14 kear oanridingen yn it ferkear, wylst bepaald is dat dat op syn meast 10 wêze meie oer it hiele jier.

34 tastien

Der meie no 34 reeën sketten wurde. "Vroeger kregen we op jaarbasis 52 toegewezen. Nu hebben we eerst 34. We moeten nog maar zien of we dat halen. Daarna kunnen we nog wel zien of het opgerekt moet worden", seit Oud. Hy fynt foaral dat der in sûne populaasje wêze moat en net tefolle oanridingen.

Op dit stuit binne der al acht reeën ôfsketten. "We proberen de zwakken eruit te schieten en we schieten vanwege de jongen op dit moment alleen op bokken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)