SKS-foarsitter: "Wy hawwe foar konsesjes keazen om dochs sile te kinnen"
Der mei dit jier gjin publyk komme by it SKS Skûtsjesilen, dat hat de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen besletten. "Wy hawwe it leaver net, mar it jout ús noch de mooglikheid om it kampioenskip te silen. Dêrom hawwe wy konsesjes dien oan it orizjinele plan", seit foarsitter René Nagelhout.
De kommisje fynt it yn dizze omstannichheden net ferantwurde om publyk ta te litten. Om deselde reden binne der dit jier ek gjin wedstriden yn Grou en Langwar.
Der wiene earder twa senario's: in folslein kampioenskip of it Sleattemer Mar-senario, wêrmei't der op ien mar yn ien wike alle wedstriden syld wurde soene. Mar it moat dochs oars.
Maatregels om publyk te kearen
It bestjoer hat dêrom allerhanne maatregels naam om der mar foar te soargjen dat der gjin minsken op de wedstriden ôf komme. Sa begjint it kampioenskip by De Feanhoop. "Dat hat te krijen mei it feit dat it op moandei falt, yn it wykein binne der mear minsken frij. Grou is alle jierren in hotspot: it is in grut feest. Dat hawwe wy fansels it leafst, mar úteinlik giet it om de wedstriid."
Wat der fierder yn de middei en jûn bart hat eins neat mei it silen te krijen, mar kin wol gefolgen hawwe, sa stelt Nagelhout. "Wy wolle dêr net de oarsaak fan wêze, dus wy hawwe in oare oplossing socht." It Veenhoop Festival is der dit jier ek net, dus de fasiliteiten dy't dêr oars foar wiene, binne der ek net.
Langwar en Grou fine it beslút spitich, mar snappe it wol, seit Nagelhout. "Sy wolle graach meiwurkje om harren wedstriden op in oare wize sile te litten. Dus op in oar plak. De Langwarder kommisje kin dus op oar wetter de wedstriid organisearje. Dan hawwe wy wol in folsleine kompetysje."
De Lemmer en Starum
By De Lemmer en Starum wurde der op oare lokaasjes syld. "Wy sile net yn de Baai, mar der bûten. Wy sykje by Starum de noardkant op. Dat dogge wy fansels sa't de minsken it net goed sjen kinne. Dêrom is it moai dat Omrop Fryslân in plan hat om it skûtsjesilen moai yn byld te krijen. Dus de leafhawwer krijt echt wol wat te sjen."
Jan Feike Hoekstra fan de Grouster wedstriidkommisje fynt it spitich dat der dit jier gjin striid by Grou is. "It docht sear. De start yn Grou heart by it SKS Skûtsjesilen. Mar wy hawwe wol sein: de festiviteiten deromhinne meie gjin reden wêze dat it silen net trochgiet."
Besmettingen nimme ta
Earder wiene al de tinte op it plein en de sleep opoffere. Hoekstra. "Mar ik haw der wol begryp foar. De besmettingssifers nimme de lêste dagen flink ta. It is dreech om dêr ferantwurdlikens foar te nimmen, kin ik my foarstelle. As de oare wedstriden trochgean kinne as wy ús wedstriden ferfalle litte, dan is dat moai. Der moat syld wurde."