Twa oanhâldingen op It Hearrenfean foar cybercrime: 20.000 euro bútmakke

It cybercrimeteam fan de plysje hat op It Hearrenfean in man fan 34 jier en in frou fan 24 jier oanholden op fertinking fan hannel yn persoansgegevens en it wytwaksjen fan krimineel jild. De twa kamen yn byld by in earder ûndersyk nei cybercrime.
© Omrop Fryslân
In fertochte yn dy saak hie kontakt mei ien dy't hannele yn listen mei persoansgegevens. Undersyk fan it cybercrimeteam brocht de plysje op it spoar fan de twa fertochten fan It Hearrenfean.
By har thús fûn de plysje tûzenen euro's oan kontanten, gegevensdragers en ek sân weardefolle leguanen. Dy binne nei in opfang gien. It is noch net dúdlik oft de fertochten dy legaal yn hannen krigen hiene.