RIVM: 135 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 135 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Tongersdei gie it om 83 besmettingen. Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om 52 besmettingen deis.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 35 besmettingen. Dêrnei folgje De Fryske Marren mei 22 en Smellingerlân mei 16.
Yn 16 fan de 18 gemeenten binne freed nije besmettingen meld. Allinne Flylân en Skiermûntseach bleaune frij fan besmettingen.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 7.002 nije coronagefallen registrearre. Tongersdei wiene dat der 3.688. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 3.165 besmettingen deis registrearre.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.