De besmettingen rinne op: ús eigen skuld of minsklike natoer?

09 jul 2021 - 15:10

De ôfrûne wike binne dúdlik mear besmettingen fêststeld as de wiken dêrfoar, de link mei de resinte ferrommingen liket fluch makke. Psycholooch Irma van Steijn fan Maarsingh & Van Steijn oer ús gedrach yn coronatiid.

Psycholooch Irma van Steijn - Foto: Irma van Steijn

Op 26 juny binne in soad coronamaatregels ferromme. No rinne de besmettingen wer op en driigje de maatregels wer stranger te wurden. Ungelokkich of ús eigen skuld?

Grut diel besmettingen ferklearber

Neffens Van Steijn is de groei fan it tal besmettingen goed út te lizzen. "Je ziet dat de testbehoefte enorm is toegenomen. Nu we weer leuke dingen mogen, moet er heel veel getest worden." Sûnt de ferrommingen kinne eveneminten wer trochgean en meie klups wer iepen, as de besikers foar de tiid oantoane kinne dat se net besmet binne.

De ekstra besmettingen dy't út de tagongstesten komme, soene dan ek in logysk gefolch wêze. "Veel mensen weten helemaal niet dat ze besmet zijn, of hebben een beetje milde klachten." No't se wol teste moatte, soene ek dizze besmettingen oan it ljocht komme.

Psychologe Irma van Steijn

De betingsten by de ferrommingen wiene dat minsken harren noch wol oan de rest fan de maatregels holden, lykas goed hannen waskje en altyd oardel meter ôfstân bewarje. Van Steijn fynt it betiizjend foar minsken en begrypt dat it dreech is om altyd en oeral ôfstân te hâlden. "Dat is heel logisch, dat is gewoon menselijk gedrag. Als je wilt dat anderhalve meter afstand wordt gehouden, dan moet je de boel niet opengooien."

Net de ferantwurdlikheid fan jongerein

In grut part fan de resinte besmettingen binne by jongere minsken fêststeld. Dat fernuveret Van Steijn net: "Zet je een jonge groep mensen bij elkaar, met mooi weer, drank en rondvliegende hormonen, dan gaan mensen geen afstand houden. Dat is psychologisch gezien volkomen normaal."

Foto: ANP

Van Steijn freget har ôf oft de ferantwurdlikheid eins wol by de jongerein leit. "Ik vind het de vraag of dat hun verantwoordelijkheid is, in ons land hadden bijna alle volwassenen nu gevaccineerd kunnen zijn, vooral kwetsbare mensen. Er is dus een groep mensen die ervoor kiest om niet gevaccineerd te worden. Om die groep te beschermen moet je daarom tegen jongeren zeggen dat ze niet gewoon mogen leven. Dat is vanuit de psychologie echt onzinnig."

Stranger belied kin op ferset rekkenje

Sy tinkt net dat it der ynkoarten fan komt, mar neffens Van Steijn soene wy net samar werom kinne nei in lockdownsituaasje, dat soe in grut effekt hawwe: "Verwarring, verzet en boosheid, dat heeft echt negatieve gevolgen."

Van Steijn seit mei klam dat de gefolgen net foar elkenien itselde binne. "Er is een groep die de instructies gewoon opvolgt, die vindt het prima. Maar er is dus ook een groep die in verzet komt en wantrouwen krijgt tegen de overheid en het volslagen belachelijk vindt."

Nije maatregels hoareka

Troch de oprinnende besmettingen sleaten guon hoarekasaken en klups út foarsoarch de doarren al, mooglik wurde der freed op de parsekonferinsje maatregels bekend makke wêrtroch 't alle hoarekasaken ticht moatte. "Ik denk dat de ondernemers zich er wel aan houden, anders kunnen ze forse boetes krijgen. Als de deur dicht is, kunnen mensen niet naar binnen, dan krijg je huisfeesten, ook in de parken, mensen gaan echt wel hun wegen vinden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)