GGD Fryslân biedt as earste prik sûnder ôfspraak oan op fjouwer lokaasjes

09 jul 2021 - 14:54

Op de faksinaasjelokaasjes yn Appelskea, Dokkum, Frjentsjer en Koudum kinne minsken ynkoarten sûnder ôfspraak in prik helje tsjin it coronafirus. De GGD Fryslân is dêrmei de earste yn Nederlân dy't dat oanbiedt.

De faksinaasjelokaasje yn Appelskea - Foto: GGD Fryslân

De GGD wol op dizze wize de drompel foar it faksinearen leger meitsje, foaral foar jongelju. De spesjale regeling giet yn op moandei 19 july en duorret in moanne.

Healwei augustus geane de lokaasjes yn Appelskea, Dokkum, Frjentsjer en Koudum ticht. Dan kinne minsken foar in prik allinne noch terjochte yn Ljouwert, Drachten, Snits en op It Hearrenfean. Yntusken binne sa'n 200.000 Friezen folslein faksinearre troch de GGD.

(Advertinsje)
(Advertinsje)