Cambuur-manager Foeke Booy oerbrocht nei refalidaasjesintrum

Technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur is oerbrocht nei in refalidaasjesintrum. De 59-jierrige Booy waard sneintejûn troffen troch in ynfarkt. De âld-proffuotballer lei inkelde dagen yn it sikehûs, neffens Cambuur giet it alle dagen 'wat better' mei him.
Technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur © Omrop Fryslân
Booy moat no op syn minst fjouwer wiken yn in refalidaasjesintrum bliuwe. Neffens Cambuur wurket Booy 'fol goede moed' oan it werstel. Hoe lang it opknappen duorje sil, is net bekend. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt nimt foarearst de taken fan Booy oer.