Freedsmerk oer kriminaliteit: "It rint de spuigatten út!"

09 jul 2021 - 13:51

"As we net oppasse, nimt de ûnderwrâld hjir de toutsjes yn hannen!" Dat wie ien fan de reaksjes op de oanslach op Peter R. de Vries earder dizze wike. Op de Ljouwerter freedsmerk waard bygelyks wiisd op de brutaliteit fan dit soarte fan oanslaggen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Se lûke har nearne wat fan oan, it rint de spuigatten út!" Guon minsken binne sels benaud dat it tij ek net mear te kearen is. "Misschien ben ik een doemdenker, maar ik zou niet weten wat je hier tegen kunt doen."

Oaren tinke benammen dat in hurdere oanpak helpt, en strangere straffen. "40, 50, 60 jaar, levenslang of misschien zelfs de doodstraf", stelde ien. In oar sei dat er dêr persoanlik net foar wie, mar "het helpt misschien wel."

Moard en deaslach fan alle tiden

Oare lûden wiene ek te hearren: "Us mem sei fan 'e wike ek noch, och, wat is 't wat hjoed-de-dei mei dy oanslaggen. Mar doe sei ik dat moard en deaslach fan alle tiden is. Der is wat dat oanbalanget net folle nijs ûnder de sinne."

Ien fan de merklju sei ek noch dat der gjin sprake fan is, dat de ûnderwrâld de boppewrâld oan it oernimmen is: "Ze waren er supersnel bij om de verdachten te pakken. En ook internationaal zijn ze scherp met arrestaties. Vind ik goed hoor!"

Reaksjes fan 'e freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)