Fêste sitten ferdwine yn wetterskipsbestjoer

09 jul 2021 - 13:44

It ferdwinen fan de fêste sitten yn it wetterskipsbestjoer soe betsjutte dat de ekspertize minder wurdt. Dat foarseit Wigle Sinnema, dy't foar de boeren yn it bestjoer fan Wetterskip Fryslân sit. Hy hat ien fan de sân sitten dy't automatysk tawiisd binne.

Bougrûn mei biten stiet fol wetter - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat de bestjoeren fan wetterskippen tenei oars keazen wurde. It moat demokratysker: tenei moatte alle sitten mei de ferkiezingen ferdield wurde.

Boeren, bedriuwen en natuerorganisaasjes krije op it stuit noch automatysk in part fan de sitten, 30 prosint, dus sûnder dat se troch boargers keazen binne.

Sinnema fynt dat spitich. "Fan âlds hat lânbou der in belang by. Letter is dêr natuer bykaam. En stadichoan kaam der ek mear polityk by. No liket it derop dat de politike partijen it totaal yn hannen ha wolle. It sil derta liede dat it wetterskip by de provinsje komt, dan binne it soartgelikense oerheden." Om't der dan direkte kennis kwyt is, fynt er dat spitich.

Wigle Sinnema

(Advertinsje)
(Advertinsje)