SKS past kampioenskip oan: gjin publyk en gjin silerij op Grou en Langwar

09 jul 2021 - 13:15

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) sil dit jier gjin wedstriden sile op Grou en Langwar. Ek mei der by de wedstriden dit jier gjin publyk oanwêzich wêze. Dat hat de SKS tongersdeitejûn besletten.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Oft de wedstriden fan Grou en Langwar noch ynhelle wurde, en wêr, is noch net bekend.

Grou is tradisjoneel de iepeningswedstriid fan it SKS-kampioenskip. Dit jier soe de striid om it kampioenskip dêr begjinne op sneon 24 july. Op tongersdei 29 july stie Langwar yn de aginda.

Neffens de SKS is it net ferantwurde om op dit stuit publyk ta te litten by de wedstriden. Dat hat te krijen mei de oprinnende coronabesmettingen. Dêrom leit de klam dit jier op de striid op it wetter.

Mear oanpassingen

Neist de wedstriden op Grou en Langwar binne der mear oanpassingen. Sa wurdt der net syld yn de baai fan De Lemmer, mar fierderop op de Iselmar. By Starum sil in baan útlein wurde dy't fan de wâl ôf net goed te sjen is.

It kampioenskip begjint no op moandei 26 july op De Feanhoop. De finale sil 6 augustus plakhawwe op de Snitser Mar.

De wedstriden fan it SKS skûtsjesilen binne dit jier wiidweidich te sjen by Omrop Fryslân. Foar en nei de wedstriden is der in foar- en neibeskôging mei analist, en âld-kampioen, Douwe Visser en presintatrise Afke Boven. De wedstriden sels wurde fan kommentaar foarsjoen troch Freark Wijma en Eelke Dykstra.

Dit jier set Omrop Fryslân, wêr mooglik, ek drones yn om it skûtsjesilen noch moaier en better yn byld te bringen.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)