GGD-direkteur: "Net werom by ôf, want op streek mei faksinaasjekampanje"

Ferline wike wienen der yn totaal 69 besmettingen, en dat oantal wie tongersdei op ien dei al heger mei 83. It tal besmettingen rint dus op. "We sjogge dat de besmettings foaral oprûn binne yn de kafees yn Grins. Dy stêd is koprinner op it stuit", seit Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Hoe soarchlik is de sitewaasje?
"It ferskil is de faksinaasjekampanje. It is net sa dat we werom by ôf binne, want we binne in ein op streek mei it faksinearjen. De jongeren lykas dy fan de útbraak op It Amelân ha miskien ien prik hân. De fariant test toch posityf en dy giet troch. It is eksimplarysk dat minsken it firus fluch oppikke. It giet echt om in besmetliker fariant.
Bist mei ien prik net foldwaande beskerme. Moatst twa prikken ha en dan 2 oant 6 wiken letter bist goed beskerme en kinst pas wer gewoan dwaan. Dêr binne we noch net. De âldere generaasje hat wol twa prikken hân. As tachtich prosint faksinearre is, giet it goed. By de jongeren sjogge we dat twa op de hûndert langer klachten hâlde Dan kinst dus moannen net nei skoalle of wurkje. Dat moatst net wolle."
Hoe ha jim dizze minsken yn byld krigen?
"In part troch testen voor toegang, dat net troch ús dien wurdt, in part troch selstesten, dy'tst net by klachten brûke moatst en troch de GGD."
Litte minsken har noch wol teste?
"It oantal is ferdûbele en dêrtroch nimt de animo om te testen mear ta."
Moatte de maatregels oanskerpe wurde?
"Der komt jûn om 19.00 oere wer in parsekonferinsje, dy wachtsje we earst ôf. Ik ferwachtsje dat der maatregels foar de nachthoareka komme sille. De basisregels bliuwe noch altyd fan krêft lykas de hannen waskje en ôfstân hâlde. Dat hast sels yn de hân."
Kinst noch op fakânsje?
"Dat hinget fan it lân ôf. Sykje op wat de regels binne. It lân bepaalt wat de betingsten binne, oftst yn karantêne moatst bygelyks."
Hoefier binne we mei de faksinaasjes?
"Sa'n tûzen tieners litte har deis prikke, en in soad âlderen komme foar de twadde prik. De helte is al klear."
Margreet de Graaf fan de GGD