Hearrenfean hiert Servyske fleugelspiler fan Manchester City

09 jul 2021 - 12:20

Sportklup Hearrenfean nimt Filip Stevanovic oer fan Manchester City. De 18-jierrige Servyske fleugeloanfaller spilet de kommende twa seizoenen yn it Abe Lenstra stadion. Hearrenfean hiert Stevanovic fan de kampioen fan Ingelân.

Filip Stevanovic - Foto: SC Hearrenfean

Stevanovic is jeugdynternasjonal foar Servië. Hy folge de jeugdoplieding fan Partizan Belgrado en makke dêr as 16-jierrige syn debút yn it earste alvetal yn 2018. Begjin dit jier naam Manchester City him oer. Stevanovic makke it seizoen wol ôf by Partizan. Hy spile dêr yn totaal 72 wedstriden. Stevanovic spile ek trije ynterlannen foar Servië ûnder 21.

Mear mooglikheden

"Filip staat bekend als een van de grotere talenten van Servië", seit Ferry de Haan, de technysk manager fan SC Heerenveen. "Hij is een doelgerichte aanvaller met overzicht en een goede individuele actie. Zijn komst zorgt aanvallend voor meer mogelijkheden en een gezonde concurrentie met de andere buitenspelers in onze selectie."

Stevanovic hat al yn Hearrenfean west foar in medyske keuring. Hy wachtet no yn Belgrado op in wurkfergunning. As dat klear is, wurdt er presintearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)