Corona-útbraak op It Amelân: 36 jongeren posityf test

09 jul 2021 - 12:42

By in corona-útbraak op It Amelân binne 36 jongeren posityf test op it coronafirus. Dat meldt de Fryske GGD. De jongeren dienen mei oan in surfkamp op it eilân.

Foto: Shutterstock.com / SamaraHeisz5

Nei't ien jonge tongersdei posityf test hie op it firus, ha ferskate jongeren selstesten dien. Dêr kamen mear positive útslaggen út. Uteinlik hat de GGD 64 minsken test op Nes op it eilân, dêrút binne de 36 besmettingen oan it ljocht kaam.

De besmette jongeren komme út ferskate parten fan Nederlân. Se binne yntusken yn groepkes nei de fêste wâl brocht mei in aparte boat. De oare jongeren, dy't net posityf test binne, binne yntusken ek werom brocht mei aparte boaten.

Margreet de Graaf fan de GGD neamt it eksimplarysk dat minsken it firus fluch oppikke. "It giet echt om in besmetliker fariant. It is noch net dúdlik wêr't se it firus oprûn ha. Dat moat noch bliken dwaan út boarne- en kontaktûndersyk."

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân neamt de útbraak 'zeker reden tot zorg.' Hy seit: "Je schrikt er van. Er is maar één stelregel: houd je aan de richtlijnen. Die zijn verschrikkelijk belangrijk om het virus niet verder te verspreiden, ook op een eiland. Het geldt voor de inwoners, gasten en ondernemers."

De gemeente is wol yn petear mei hoareka-ûndernimmers. "We kunnen natuurlijk moeilijk altijd achter de deuren kijken. Er gaan ook discotheken vanavond niet open. De groep die besmet is geraakt is van het eiland af, maar we zoeken wel uit met wie ze in contact zijn gekomen."

De GGD is dwaande mei de tariedingen foar grutskalich testen op de eilannen, mei it each op de simmerfakânsje. Op de eilannen binne op it stuit gjin reguliere testlokaasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)