Wetter wer skjin yn Harns en Mullum

09 jul 2021 - 11:56

Ynwenners fan Harns en Mullum kinne it wetter wer gewoan brûke. It advys om it wetter earst te sieden jildt sûnt tongersdeitemiddei net mear. Dat meldt Vitens.

Foto: Omrop Fryslan

De bewenners binne ûnderwilens ynformearre. Earder koenen bewenners fan twa strjitten yn Mullum en Harns it wetter út de kraan net drinke, omdat der de E. Colibaktearje yn siet.

Dat hie te krijen mei wurksumheden oan de wetterliedingen yn opdracht fan wetterbedriuw Vitens. Moandei binne alle liedingen trochspield en is it wetter op 'e nij test.

Yn totaal wienen 35 húshâldens troffen.

Trefwurden: 
Harns wetter Vitens Mullum
(Advertinsje)
(Advertinsje)