Cambuur oefenet dochs: Telstar ferfangt Twente

09 jul 2021 - 11:08

Sportklup Cambuur kin sneon dochs in oefenwedstriid spylje. De Ljouwerters soenen yn earste ynstânsje oefenje tsjin FC Twente, mar dy seinen tongersdei ôf omdat se te folle blessueres ha. No komt Telstar út Velsen-zuid nei Ljouwert foar in oefenwedstriid.

Cambuurtrainer Henk de Jong - Foto: Orange Pictures

Dy wedstriid is noch hieltyd yn it Cambuurstadion om 19.00 oere. It wurdt foar Cambuur de earste oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen.

Minsken dy't al in kaartsje kocht hienen foar de wedstriid tsjin Twente, kinne no itselde kaartsje brûke foar it duel tsjin Telstar.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Telstar
(Advertinsje)
(Advertinsje)