Sandra Korthuis earste froulike boargemaster Eaststellingwerf

09 jul 2021 - 10:51

Sandra Korthuis wurdt de earste froulike boargemaster fan de gemeente Eaststellingwerf. Sy is freed troch kommissaris fan de Kening Arno Brok beneamd as waarnimmend boargemaster fan de gemeente.

Foto: Sandra Korthuis

Korthuis folget Harry Oosterman op as boargemaster en begjint yn augustus as waarnimmend boargemaster. Se bliuwt oan oant de beneaming fan in nije boargemaster.

Boargemaster Oosterman nimt nei sechstjin jier ôfskied fan de gemeente.

Earste froulike boargemaster

Eaststellingwerf hie noch net earder in frou as boargemaster. Mei har beneaming hat Fryslân no sân froulike boargemasters.

Korthuis en Brok koenen elkoar al

Korthuis en de kommissaris fan de Kening kenne elkoar út de VVD. Brok hie Korthuis earder alris frege om nei te tinken oer in funksje as waarnimmer. No kaam Eaststellingwerf foarby en hat se 'ja' sein. De lêste dagen hat se al troch de gemeente riden en it nijs folge.

Korthuis wennet yn Witteveen yn Drinte en bliuwt dêr - omdat it mar om in tydlike funksje giet - ek wenjen. Earder wie Sandra Korthuis fjouwer jier wethâlder yn Rotterdam, fan 1998 oant 2002. Dêrnei hat se tal fan bestjoersfunksjes hân. Ferline jier joech sy as ien fan de ynformateurs lieding oan it oplossen fan de bestjoerlike en finansjele krisis yn Hoogeveen en wie se kertiermakker foar it nije kolleezje fan B&W.

Fryslân koe se oant no ta fral as provinsje om op fakânsje te gean en fan besites oan foarstellingen yn De Harmonie yn Ljouwert. It Frysk praat en ferstiet se (noch) net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)