Princessehof toant fideoprojeksje oer libben Maria Louise

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert set dit wykein útein mei de fideofoarstelling 'Maria Louise was here'. It evenemint yn de iepen loft is neffens it museum coronaproof. Men is dan ek net benaud dat eventuele nije maatregels harren treffe sille. Tongersdeitejûn wie de try-out.
Keramykmuseum Princessehof toant fideoprojeksje oer libben Maria Louise
Bûten yn de paleistún hat publyk alle romte om de fideoprojeksjes te besjen dy't op de gevels fan it Princessehof toand wurde. Regisseur Jos van Kan hat it NNO frege om muzyk derby te meitsjen. "De muziek vormt de basis, normaal gesproken is het andersom. Ik heb er bewust voor gekozen omdat het anders te anekdotisch wordt", seit Van Kan.

Drompel ferleegje

It Keramykmuseum Princessehof is fan doel om yn de takomst faker dit soarte fan eveneminten te organisearjen. "We weten dat de mensen die in het museum komen het heel mooi vinden, maar men weet het museum niet altijd goed te vinden. Met dit soort van activiteiten willen we de drempel verlagen", seit direkteur Kris Callens.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Hy is net benaud dat eventuele maatregels konsekwinsjes foar de foarstelling hawwe sille. "Het is een museumactiviteit en we houden ons aan dezelfde regels: met reserveren, 1,5 meter afstand en een bepaalde aantal mensen per vierkante meter. We kunnen als musea sinds vorig jaar een veilig bezoek organiseren en dat gebeurt hier net zo."

Festivalsimmer

Mei 'Maria Louise wie here' komt de Fryske kultuersimmer dit jier let op gong. In soad festivals en oare eveneminten wurde skrast en ferpleatst nei 2022, mar wat dit jier trochgiet is al folle letter yn it seizoen plak. Sa skoot it Fries Straatfestival op nei septimber en ek MadNes op It Amelân wurdt net begjin july hâlden, mar pas ein augustus.
Op ús evenemintekaart kinst sjen hoe't de eveneminten yn dyn omjouwing derfoar stean. Op ús kalinder ha we alle eveneminten set dy't yn 2021 noch plakfine.
Helpst mei?
Mei ús publyk wol Omrop Fryslân de kaart en de aginda sa kompleet mooglik meitsje. Stiet dyn favorite evenemint der noch net by? Of sjochst wat dat oars moat? Lit it ús witte fia dit formulier. Twa kear yn de wike fiere we alle wizigingen en tafoegingen troch, sadatst sjen kinst wat der allegear te dwaan is yn ús provinsje.