Olympyske turnploech previntyf yn karantêne nei positive testútslach

De olympyske turnploech, mei ûnder oare Epke Zonderland, is previntyf yn karantêne gien nei in positive testútslach by de ploech fan sporters en stêfleden fan TeamNL. NOC*NSF wol net sizze wa't posityf test is.
© Omrop Fryslân
As gefolch dêrfan binne sawol sporters as begelieders fan de manljus- en de frouljusturnploech yn ôfsûndering gien. It is de bedoeling dat se snein nei Japan ôfreizgje.
De kommende dagen wurde mear testen dien om te sjen wêr't de besmetting weikomt.
Se traine gewoan troch yn Sportstad Heerenveen, nettsjinsteande de karantêne dêr't se no yn sitte. Gymmestykuny KNGU hat in roaster makke sadat de sporters om bar yndividueel yn de sporthal kinne.