Burgumer José van der Veen foar it earst nei de Olympyske Spelen

09 jul 2021 - 07:18

José van der Veen fan Burgum makket har klear foar de Olympyske Spelen fan Tokio. De assistint-coach fan de frouljusturnploech giet mei nei Japan om't de Nederlânske turnsters sûnder harren eigen coaches nei Tokio ôfreizgje.

Foto: ANP

Dat komt nei't der misstannen yn it turnjen oan it ljocht kamen. Dat beslút hâldt ûnder mear yn dat Sanne en Lieke Wevers net begelaat wurde troch harren heit Vincent Wevers. José van der Veen stapt dus yn in rûzige tiid yn. It wurde har earste Spelen en se sjocht der nei út.

"It fielt fertroud want ik ken de famkes en de coaches goed, mar it is wol bysûnder fansels. Yn 2019 wie ik ek by de wrâldkampioenskippen. Dit is ek in grut toernoai, it praktyske wurk liket derop."

Neffens har is it turnjen wer op de goede wei nei de eardere misstannen. "We besykje dat achter ús te litten en ús te fokusjen op wat komt."

José van der Veen

(Advertinsje)
(Advertinsje)