Noardeast-Fryslân giet foar Fryske plaknammen; kûlanse foar 3 doarpen

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân kiest foar de Fryske plaknammen, al koe men net fuort folslein mei it earste riedsfoarstel ynstimme. Foar Hiaure, Aalsum en Waaxens wurdt útstel regele, troch in yntsjinne amendemint. It amendemint út de hiele koälysje, mei stipe fan ALL, waard unanym oannommen.
© Ben de Jager, RTV NOF

Kûlânse foar trije doarpen

Aalsum, Hiaure en Waaxens bliuwe yn earste ynstânsje op de Nederlânske wize skreaun. Aalsum bliuwt dus yn de Hollânske fariant bestean. Yn it amendemint falt ek te lêzen: "Wy ha sjoen dat dit doarp serieus syn húswurk makke hat en hat in útwreide ûnderbouwing jûn om de namme fan it doarp sa te hâlden, sa't dy is: Aalsum."
Fierder wurde ek histoaryske arguminten jûn om it te hâlden sa't it is. Ek is dúdlik dat it Dokkums ynfloed (hân) hat op it doarp en de namme. "Wy fine it rjochtfeardige dat de namme Aalsum stean bliuwe kin."
It doarpsbelang fan Hiaure woe graach de Nederlânske namme hâlde en hâldt dy ek. "It doarp wol graach dûbeldtalige buorden hâlde, mar dat is net oan de oarder", seit it amendemint. Sjoerd de Hoop fan it doarpsbelang fan Hiaure is oer de kar hiel tefreden.

Striid om in x

De striid tsjin de ferfrysking fan Waaxens wie ek grut. Neffens de ried wie it argumint dat der noch in Waaksens yn de provinsje leit, gjin argumint om de namme net te feroarjen. Wol binne in tal histoaryske grûnen, as Harinxma. "De aadlike famylje Van Harinxma, âld-kommissaris fan de Kening Piter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten foarop, hie neat mei de Fryske taal op en dat skimeret oant de dei fan hjoed troch yn har famyljenamme (dêr't bewust foar in X yn keazen is) en dus ek op guon plakken as Waaxens." Neffens de ried stelt Waaxens mei in x ek foar dat de Fryske taal noch hieltyd ûndergeskikt is oan it Nederlânsk. Lit Waaxens dêrom Waaxens bliuwe.
Aant Jelle Soepboer
© Ben de Jager, RTV NOF

Ee wurdt Ie

In oar doarp dat -blykber let- trochjûn hie dat sy ek tsjin allinne de Fryske plaknamme binne is Ee. By de ried waard troch Gemeentebelangen noch in fraach steld oer it doarp. De algemiene tendins tusken de partijen wie dúdlik. Net ûnderboude histoaryske grûnen, dus dy waard net as fjirde doarp opnommen yn de kûlanseregeling. "Dêrneist hat twa dagen foar dizze gearkomste pas oanjûn dat sy net de Fryske namme hawwe wolle." Dat wie neffens de ried ek te let .

Eastlike doarpen

Burum, Kollumerpomp, Munnekezijl en Warfstermolen bliuwe de Nederlânske namme hâlden, fanwegen it taalgebiet fan it Westerkwartier. Dêr wie gjin diskusje mear oer it mooglik, om't dat ek al tasein wie.

Ynfiering yn 2023

Op de earste dei fan jannewaris yn 2023 wurde de offisjele Fryske nammen ynfierd. De totale kosten binne sa'n 448.000 euro. Troch subsydzje fan de provinsje en it Ryk is it jild ek beskikber.
Reaksjes op de Fryske plaknammen