Trochsneed tal besmettingen de dei wer omheech fan 10 nei 33 ôfrûne wike

09 jul 2021 - 06:00

It trochsneed oantal besmettingen lei yn de ôfrûne wike op 33 deis. In wike earder lei dat noch op 10. Dêrmei is de trend fan it ôfnimmende tal besmettingen foarearst foarby. Fan de 18 Fryske gemeenten bleaune allinne Amelân, Skiermûntseach en Flylân frij fan registrearre besmettingen.

De GGD-faksinaasjelokaasje op It Hearrenfean oan de Uhlweg - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Gemeente Ljouwert hie mei 45 registraasjes de measte besmettingen, dêrnei folgen Súdwest-Fryslân mei 35 en Hearrenfean mei 27.

Weststellingwerf: omrekkene measte besmettingen

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Weststellingwerf it heechst. Dêr binne omrekkene 66 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Dêrnei folgje Hearrenfean mei 53, Noardeast-Fryslân mei 46 en De Fryske Marren mei 43 besmettingen de 100.000 ynwenners.

Allinne de eilângemeenten Amelân, Skiermûntseach en Flylân bleaune dus frij fan besmettingen. Op Skylge wie wol ien besmetting.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Nettsjinsteande it oprinnende tal besmettingen hawwe der yn de ôfrûne wike gjin registrearre stjergefallen troch it coronafirus west. Ek binne der gjin coronapasjinten opnaam yn de Fryske sikehuzen.

Yn totaal mear as 44.000 Friezen corona hân

Mei de 232 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 44.141 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn ús provinsje stiet op 478. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)