Fatsoenskampanje op It Amelân set yn op bewustwurding by toeristen

08 jul 2021 - 21:46

De fatsoenskampanje Welkom in onze wereld is tongersdei úteinset op It Amelân. Gemeente, VVV, Arriva, rederij Wagenborg en natuerbehearders wolle mei de kampanje toeristen oansprekke. "We willen vooral op bewustwording inzetten", seit Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear.

Foto: Kevin Kiewiet

Op bussen oer it eilân is tenei it boadskip fan de kampanje te sjen. Mar ek op de boat fan Wagenborg is der omtinken foar de kampanje en wurde der filmkes toand oan de besikers fan It Amelân.

It docht ek yn de natuer op It Amelân faak bliken dat besikers harren net oan de regels hâlde. "Dat is erg vervelend. We hebben hier een heel mooi padennetwerk, maar sommige bezoekers zien een wildpaadje van reeën en gaan daar overheen lopen. Mensen lopen dwars door de duinen of door het bos. Dat wil je juist niet hebben."

Nije toerist

Troch de coronakrisis komme der minsken op it eilân dy't der oars net perfoarst kamen, leit Veenendaal út. "Men kan niet meer naar het buitenland en gaat zoeken binnen Nederland. Wat is dan logischer dan het bezoeken van een mooi eiland als Ameland. Dus we mochten een ander type toerist ontvangen. Maar we zien dat men vaker de auto pakt of denkt dat men overal maar kan lopen."

Foto: Shutterstock.com (TasfotoNL)

Steatsboskbehear hopet ek dat minsken hûnen oan de line litte en harren rotsoai meinimme en net efterlitte. "De natuur kan helaas niet terugspreken, maar je moet zuinig zijn op de natuur. Daarom is het heel mooi dat de gemeente Ameland actie heeft ondernomen om dit onder de aandacht te brengen. Onder meer met de natuurbeheerders."

Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear

(Advertinsje)
(Advertinsje)