Kroech yn Sint-Nyk hâldt doarren ticht fanwege corona-útbraak ûnder jongelju

08 jul 2021 - 22:00

Kafee Het Wapen van Friesland yn Sint-Nyk hat besletten de doarren foarearst ticht te hâlden, fanwegen in corona-útbraak ûnder jongelju yn it doarp. De kroech seit ferantwurdlikheid nimme te wollen om fierdere besmettingen foar te kommen.

Kafee Het Wapen van Friesland yn Sint-Nyk - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Het Wapen van Friesland bliuwt yn elts gefal oant en mei 13 july ticht. Dêrnei hâldt de kroech fêst oan in tal maatregels, lykas in maksimum fan 50 persoanen, in ferplichte sitplak en maksimaal 8 persoanen oan in tafel. Op de sneon kinne minsken allinne de kroech yn komme mei in coronatagongsbewiis, in faksinaasjebewiis of in bewiis fan werstel nei corona.

Wat mear drank, wat minder maatregels

It docht bliken dat in groep jongelju yn it doarp corona krigen hat. "En wij voelen ons er ook wel een beetje verantwoordelijk voor, al valt niet te bewijzen dat het bij ons vandaan komt", seit eigener Reggy Meurs fan Het Wapen van Friesland. "De kans is aanwezig natuurlijk: de mensen zitten hier in een afgesloten ruimte."

Der is wol fentilaasje, ferklearret Meurs. "Maar hoe meer drank er in de man komt hoe minder nauw de mensen het nemen met de maatregelen."

"We zien het mis gaan"

"We zien het misgaan, daarom hebben we de maatregel genomen om vijf dagen dicht te gaan", seit Meurs. "Wij willen voor het dorp en voor onszelf geen brandhaard zijn." By it personiel fan de kroech is gjin coronafirus fêststeld.

Corona-útbraak by jongelju

Het Wapen van Friesland wol net de fersprieder fan in corona-útbraak ûnder de jongerein wêze. "Daarom hebben we deze maatregel genomen, met pijn in het hart. We hebben het in het afgelopen weekend hartstikke druk gehad. Gewoon op 1,5 meter, zittend aan tafel. En toch is er onderling in groepen corona uitgebroken in het dorp. Of het nu bij ons, of in een keet of thuis is gebeurd, dat kun je niet achterhalen. Dat weten we niet."

Oansjoen út it doarp wei

Dochs wie it foar it kafee wol efkes skrikken, fertelt de ûndernimmer. "Ook omdat wij er een beetje op aangekeken worden vanuit het dorp. Dat willen we niet: we willen gewoon een ontmoetingsplek voor iedereen zijn. Maar dat moet wel veilig kunnen en dat kan op dit moment blijkbaar niet."

Reggy Meurs fan kafee Het Wapen van Friesland

Dêrom ek de maatregel om in oantal dagen ticht te bliuwen. "Het is een hele serieuze maatregel. We willen het graag de kop in drukken. Iedereen die zich geroepen voelt om zich te laten testen, kan dat doen. Woensdag gaan we weer open, we hopen dat we het een beetje in de hand kunnen houden. Maar de kans blijft natuurlijk dat we zo weer in hetzelfde schuitje kunnen zitten."

Iedereen is welkom voor een biertje, maar het moet wel veilig kunnen.

Eigener Reggy Meurs fan Het Wapen van Friesland

Eigener Meurs wol in boadskip oerbringe mei it sluten. "Sommige mensen hebben lak aan de regels. Voor ons is zoiets lastig te handhaven. We hopen toch wel een statement te maken richting het dorp en onze gasten: kom niet als je je niet fit voelt, laat je testen als je op stapt wilt en laat je vaccineren. Iedereen is welkom voor een biertje, maar het moet wel veilig kunnen."

Kafees yn de omkriten

Neffens Meurs hawwe de measte Sint-Nyksters wol begryp foar de maatregel. "Ze vinden het jammer, maar ze snappen wel waarom wij deze maatregel nemen. De andere kroeg hier in het dorp heeft besloten om 22.00 uur dicht te gaan. In de omliggende dorpen gaat men met toegangstesten werken, of met zittend beleid voor vijftig man maximaal."

Yn Snits ek kroegen ticht

Woansdei makken Café Neighbours, Club 1841 en Alcatraz Café yn Snits ek bekend it wykein ticht te bliuwen fanwegen it coronafirus. Yn dizze njonken inoar steande kroegen binne ek meiwurkers besmet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)