Bûten-tentoanstelling op It Eilân-West fertelt it ferhaal fan ûnderdûkers

Yn Goaiïngahuzen is op It Eilân-West in 'bûtenmuseum' iepene. It giet om in inisjatyf fan It Fryske Gea: in sjoch- en harkrûte mei foto's dy't yn de Twadde Wrâldoarloch makke binne troch Roelof Horreüs de Haas en audiofragminten fan syn soan Hans Horreüs de Haas.
Hans de Haas by ien fan de foto's © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Heit De Haas wie yn de oarloch mei syn bern op buorkerij Heach Hiem fan de famylje De Boer yn De Alde Feanen. Hy wie benaud om oppakt te wurden foar de Arbeitseinsatz. De famylje krige ûnderdak op de pleats. Fan dizze tiid hat Roelof de Haas wiidweidich ferslach dien yn foto's en oantekeningen.
Hans de Haas en Gerbrand de Boer by de iepening © It Fryske Gea
Hans de Haas is mar wat wiis mei de útstalling. "Het is heel leuk en vooral een eer voor mijn vader."

Isolearre eilân

It wetterlânskip by De Alde Feanen wie in feilich skûlplak foar de húshâlding. It Eilân-West wie yn oarlochstiid troch de lizzing tige geskikt foar ûnderdûkers: it wie allinne fia it wetter te berikken. Yn it ramt fan 75 jier frijheid jout It Fryske Gea omtinken oan it stikje natuer yn oarlochstiid.
© It Fryske Gea
"Hans de Haas, die inmiddels 85 is, weet zich nog veel te herinneren over de bijzondere laatste oorlogsmaanden. De levensgrote foto's van toen in het landschap van nu, vertellen ons wat er allemaal is veranderd, maar geven ook veel herkenningspunten in het landschap", seit Stefien Smeding fan It Fryske Gea.

Tentoanstelling

De tentoanstelling op It Eilân-West is fan 9 july ôf te besjen. By de steger fan Marrekrite oan de Janssleat binne spesjaal plakken reservearre foar besikers. Yn augustus is der noch in spesjale fartocht fan It Fryske Gea nei it bûtenmuseum.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma mei Hans Horreüs de Haas en Stefien Smeding