Oerol-keunstwurk troch stoarm en springfloed skansearre

It keunstwurk wie noch mar koartlyn werompleatst op Skylge, mar De Streken moat troch stoarmskea wer ôfbrutsen wurde.
It Oerol-keunstwurk is skansearre:
Yn de maitiid waard bekend dat de ynstallaasje, makke troch Marc van Vliet, mei Oerol delset wurde soe. De bedoeling wie dat it bliuwe soe as earebetoan oan oprjochter Joop Mulder.
Neffens de organisaasje lûkt it keunstwurk alle dagen in soad besikers. Mar, sa skriuwt de organisaasje: "De natuur bepaalt." Yn de nacht fan 6 july wie der in súdwesterstoarm en springfloed: dêrtroch rekke it keunstwurk skansearre.

Opnij pleatse

Foar takom jier sil der in semy-permaninte ferzje makke wurde dy't heger en stabiler is. Yn juny 2022 moat it opnij pleatst wurde. Sa moat de ynstallaasje yn elts gefal trije moannen yn 2022 stean bliuwe kinne. Foar in pleatsing foar in perioade fan fiif jier siket de organisaasje noch jeften.
© Marc van Vliet