Epke Zonderland twivele oer Olympyske Spelen: "Ik rin tsjin in muorre oan"

08 jul 2021 - 18:34

Topturner Epke Zonderland hat grutte twivels oer syn kondysje. It is sels sa slim dat hy koart tocht hat om mar net op it fleantúch nei de Olympyske Spelen yn Tokio te stappen. Hy giet no al, mar dan al mei de wittenskip dat it delsetten fan in topprestaasje ûnmooglik wurdt.

Epke Zonderland twivele oer it dielnimmen:

Zonderland makke it nijs tongersdei bekend op in parsekonferinsje fan it turnbûn KNGU yn Oranjewâld.

"Ik hoech yn alle gefallen net te twiveljen oer of ik al of net ophâlde moat", seit Zonderland. "It lichem is op. Ik haw it idee dat ik tsjin in muorre oan rin. Dat je krekt wer lekker op gong binne en dan is it sa ek wer klear en kin ik wer opnij begjinne."

Topnivo net helber

Ek no is hy wer ferkâlden. Zonderland kiest de fierste hoeke fan de tafel, op goede ôfstân fan syn teammaten Bart Deurloo en Casimir Schmidt. Dúdlik leit hy út dat it him net wurdt dizze kear. "Ik haw noch twa wiken, mar it topnivo dat ik oars al helje is no net helber. It is in bytsje 'op hoop van zegen'."

Foto: Omrop Fryslân

"Eltse kear tink ik wol: no komt it goed. Mar dan wer net." Epke kin deryn berêste. Yn it feit dat it aanst echt klear is. "Ik gean nei Tokio om in moaie oefening te turnjen, foar de olympyske belibbing. Dy is wol moaier as alles slagget en ik de finale helje, dat wit ik. Mar ik bin tefreden as ik in moaie oefening draai. Dat ik dêrmei de kâns haw om de finale te heljen."

Druk der ôf

Dat de druk dêrmei fan de tsjettel giet, dat helpt. Gewoanwei giet Zonderland foar de medaljes. "Begjin dit jier gie it eins hiel goed. Doe helle ik dat nivo. Dêrnei woe it net mear."

Mar fan genietsje

No moat hy it in plak jaan. "Ja, dat kin ek net oars. Echt traine soe no al moai wêze. Dat ik de oefening dwaan kin, folslein. It klinkt miskien gek, mar dat slagge de lêste tiid ek net alhiel." Foar Epke Zonderland jildt dat meidwaan no wichtiger is as winne. "Ja, leaver net fansels, want as topsporter kinne je der neat mei. No besykje ik gewoan te genietsjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)