Dream dy't útkomt: Erwin Zeinstra flagget EK-finale

It is definityf: Erwin Zeinstra fan Dronryp stiet snein as assistint skiedsrjochter op it fjild by de EK-finale op Wembley, tusken Ingelân en Italië. De UEFA hat tongersdei bekend makke dat Bjorn Kuipers de finale fluitsje sil en Zeinstra makket al jierren diel út fan syn team.
Erwin Zeinstra © Orange Pictures
It is foar it earst dat in Fries diel útmakket fan it arbitrale trio dat in EK finale liede sil. Nei de EK's fan 2012 en 2016 en de WK's fan 2014 en 2018 is it foar Erwin Zeinstra al syn fiifde eintoernoai.

Noch efkes spannend

De finale wurdt foar Team Kuipers it fjirde duel mei dit EK. Earder wiene sy aktyf by Denemarken-België (1-2), Slowakije-Spanje (0-5) en Tsjechië-Denemarken (1-2). Mei dy lêste wedstriid like it noch mis te gean mei it iepeningsdoelpunt fan de Denen.
Op advys fan Zeinstra joech Kuipers in dubieuze hoekskop wêrút in doelpunt foel. Mar letter die bliken dat Zeinstra gelyk hie en dat de hoekskop terjochte wie.

Duo

It is net foar it earst dat Bjorn Kuipers mei Erwin Zeinstra as syn rjochterhân in finale fluitet op in grut ynternasjonaal toernoai. Earder diene sy ek de finale fan de Europa League (2013), de finale fan de Champions League (2014) en de einstriid fan de Confederations Cup (2013).