Fiif persoanen nei sikehûs by keukenbrân yn kafee Kollumersweach

Fiif persoanen binne tongersdei nei it sikehûs rekke by in brân yn in kafee yn Kollumersweach. Se hawwe nei alle gedachten reek ynazeme.
In soad skea nei de brân yn Kollumersweach:
De brân yn kafee De Prins ûntstie foar de middeisoere. De brânwacht krige de melding kertier foar tolven. Yn it gebou stie in soad reek. De brân yn de keuken wie gau ûnder kontrôle.
Medysk personiel fan fiif ambulânses hat de slachtoffers kontrolearre. Dy binne dêrnei nei it sikehûs brocht. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.
Der is in donearaksje opset foar it kafee:
Daniël Veldstra oer de donearaksje foar kafee Prins
© Noordernieuws