FUMO set mear yn op it bestriden fan miljeukriminaliteit

08 jul 2021 - 16:23

De FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) set de kommende jierren mear yn op it bestriden fan miljeukriminaliteit. Dat gebeurt yn Fryslân hieltyd faker. Dan giet it bygelyks om it yllegaal ferwurkjen fan ôffal, wylst it liket as oft der wol in fergunning is.

Offal dat dumpt is - Foto: ANP

De FUMO jout advys en fergunningen en hâldt tafersjoch op it mêd fan de natuer- en milieuwetjouwing. Der rinne op dit stuit ferskate strafrjochtlike ûndersiken. De koördinator fan de boa's fan de FUMO hat dêr in soad kontakt oer mei it Iepenbier Ministearje en de plysje. De bestriding fan ûndermining krijt prioriteit, lit de FUMO witte.

Yn it ôfrûne jier binne der mear as 530 reguliere kontrôles dien troch de FUMO, om derfoar te soargjen dat bedriuwen mileuregels neilibjen bliuwe.

"Afval verwerken is duur, als het op de normale manier gebeurt, zoals naar de REC in Harlingen. Voor sommige mensen wordt het lucratief om te kijken of ze het op een andere manier kwijt kunnen raken, zoals op een illegaal manier in de landbouw, onder de grond of in de biovergister", seit Jaap Middel fan de FUMO.

Boetes en selstraf foar oertrêders

It komt hieltyd faker foar. "Hoe vaak weten we niet, maar we zien wel dat het probleem toeneemt." Spesjaal trainde opspoaringsamtners pakke de oertrêders oan. "Ze letten op signalen als een veranderd bestedingspatroon, dat iemand een auto rijdt die niet past bij het inkomen. Ze werken samen met onder andere de politie en de NVWA." In oertrêder kin boetes oplein krije en sels ek selstraf.

Fryslân is in oanloklik plak foar oertrêders. "Het is uitgestrekt en dunbevolkt. Er wordt ook wel met afval in Nederland gesleept. We zien zelfs dat er afval uit het buitenland komt."

Jaap Middel fan de FUMO

Trefwurden: 
FUMO miljeukriminaliteit
(Advertinsje)
(Advertinsje)