Welcome to the Village fielt him yn de steek litten: “Gemeente, fix dit”

08 jul 2021 - 15:34

De organisaasje fan Welcome to the Village fielt him yn de steek litten troch de gemeente Ljouwert, no't de rjochter in streek set hat troch it festival.

It festival soe takom wike heve yn rekreaasjegebiet Griene Stjer by de stêd. Troch flaters yn de fergunning en yngripen fan stichting Groene Ster Duurzaam giet it evenemint net troch.

Neffens de organisaasje fan Welcome to the Village is de saak fan de fergunning in probleem dat alle jierren weromkomt. "Dit loopt al jaren. De rechter heeft ook eerder al eens gezegd: ga met elkaar om tafel en zorg dat die vergunning gaat kloppen. Wij zijn een soort speelbal waar we nu de dupe van zijn", seit artistyk lieder Eva van Netten.

Yn de steek litten

Nettsjinsteande de foarskiednis, kaam de foarriedige útspraak fan de rjochter as in tongerslach by heldere himel. "Zo tien dagen voor je festival. Net alle crises wel gehad en iedereen heeft keihard gewerkt voor een festival dat in coronatijd kon bestaan. Dit zagen we niet aankomen en nu zitten we met de handen in het haar", seit Van Netten.

"We zijn strijdbaar, maar ook boos dat het zo gaat en de boel niet geregeld is. Je moet als gemeente niet alleen op de hoogtepunten staan klappen, maar ook nu zeggen: we zijn er voor jullie en we gaan het fixen met z'n allen."

Dy stipe mist Van Netten no. "Wij willen hier blijven, wij zijn hier geboren. We zijn hier omdat het kan en omdat we zien dat hier kansen liggen. Dus we willen heel graag dat de infrastructuur daar ook voor is."

Lokaasjes yn de binnenstêd

Njonken lilk, is de organisaasje ek striidber. Achter de skermen ûndersykje se oft der in plak is dêr't it festival takom wike wol trochgean kin. "We kijken nu naar andere locaties in de binnenstad, waar bijvoorbeeld al vergunningen zijn voor geluid, publiek en drankverkoop."

Hertferwaarmjend

Hoewol't net elk plak geskikt is foar it festival, krige de organisaasje in protte berjochtsjes en telefoantsjes fan minsken dy't meitochten en sels grûn beskikber stelden.

Foto: Leo Middelsé

Van Netten: "De reacties vanuit de stad zijn hartverwarmend. Daar krijgen we superveel energie van. Iedereen geeft ons heel veel liefde en ook aanbiedingen. Van: ik heb nog een weiland, tot aan: ik heb nog een kelder beschikbaar. Het is fantastisch dat dat zo gedragen wordt."

Takomst noch ûnwis

Wat de ûntjouwings betsjutte foar de takomst fan it festival yn de Griene Stjer, wit Van Netten noch net. "We focussen ons heel erg op wat doen we nu. Daarna kijken we naar: wat doen we in de toekomst. De toekomst is wederom onzeker. Eerst door corona en nu hierdoor. Dus we moeten kijken wat er nog mogelijk is en welke risico's er zijn. Dat is een spannende zoektocht."

Chris Moorman fan Welcome to the Village

(Advertinsje)
(Advertinsje)