RIVM: 83 nije besmettingen yn Fryslân

08 jul 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 83 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Woansdei gie it om 49 besmettingen. Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om 33 besmettingen deis.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân: 21 en 20 besmettingen. Dêrnei folget Hearrenfean mei 12. Yn acht fan de achttjin gemeenten binne tongersdei gjin nije besmettingen meld.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 5.475 nije coronagefallen registrearre. Juster wiene dat der 3.688. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 2.307 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)