Feanwâlden yn ferset tsjin komst rubberbedriuw RVN mei beswieren en petysje

Doarpsbelang Feanwâlden ferhurdet de striid tsjin de komst fan it bedriuw Rubber Verwerking Nederland (RVN) nei it doarp. Der komt in petysje en der wurdt hurd wurke oan tal fan beswierskriften.
© Shutterstock.com (Evannovostro)
Yn juny waard bekend dat Dantumadiel de komst fan it rubberferwurkingsbedriuw nei Feanwâlden net keare kin. Tsjin it sin fan de gemeente sels en tsjin it sin fan in soad doarpsbewenners.
De fergunningsoanfraach moast toetst wurde oan it bestimmingsplan Veenwouden-Zuid fan 1993 en yn dat bestimmingsplan is de fêstiging fan sa'n bedriuw tastien. Der binne dus gjin goede redenen om it bedriuw te wegerjen. Ek yn in nij bestimmingsplan mei it bedriuw der komme, om't de gemeente it sicht kwyt wie op de fergunningstermyn. Doe't die oer wie, wie de fergunning in feit.

Striid noch net foarby

Doarpsbelang Feanwâlden jout de striid lykwols noch net op, seit foarsitter Aije Klaren. "Der is mooglikheid om beswier oan te tekenjen en oant dy tiid mei de ûndernimmer net begjinne mei de útfiering. We ha no seis wiken om beswier yn te tsjinjen." Al mei al kin de hiele proseduere neffens Klaren noch wol twa of trije jier duorje.
De tsjinstanners ha benammen noed oer de brânfeilichheid. It bedriuw soe flakby wenten en oare bedriuwen komme. "It brânrisiko fan in miljoen bannen is echt enoarm", seit Klaren. "As dat ea dêr gebeurt, dan binne de bedriuwen en it hûs fuort."
Aije Klaren