David Sambissa bliuwt dochs noch by SC Cambuur

08 jul 2021 - 12:18

Der is dochs noch wite reek foar David Sambissa by SC Cambuur. De spiler en de klup hawwe oerienstimming berikt oer in nij kontrakt foar ien seizoen mei in opsje foar noch in jier.

David Sambissa - Foto: Orange Pictures

It is ferrassend dat Sambissa mei Cambuur de earedifyzje yngiet. Earder hie hy de Ljouwerters witte litten dat hy op syk woe nei in nije útdaging. Sa hat hy ûnder oare in petear hân mei Sparta. Uteinlik hat de 25-jierrige linkerfleugelferdigener besletten dochs yn Ljouwert te bliuwen.

By ôfwêzigens fan Foeke Booy seit Gerald van den Belt op de webside fan de klup: "David is in de afgelopen drie seizoenen een vaste waarde geweest en heeft daarin ook een mooie ontwikkeling doorgemaakt. Hij heeft even de tijd genomen om goed na te denken over de beste vervolgstap in zijn carrière en we zijn blij dat hij tot de conclusie is gekomen dat dit bij onze club is."

Sambissa kaam yn de simmer fan 2018 oer fan FC Twente. Yn de ôfrûne trije seizoenen spile hy hast hûndert wedstriden en skoarde dêryn ien doelpunt en hie hy tsien assists.

(Advertinsje)
(Advertinsje)