Teste foar tagong kroegen en diskoteken yn Fryslân: "Oardel meter net te hâlden"

De kroegen en diskoteken yn Ljouwert wolle safolle mooglik gebrûk meitsje fan Testen voor Toegang. Dat seit Ton Eijer, foarsitter fan Koninklijke Horeca Nederland (KHN) yn Ljouwert.
De kroegen binne fol, mar it tal besmettingen rint wer op:
Ek de hoareka op It Hearrenfean sil wurkje mei it testen foar de tagong. By de doar moatte besikers dan in negative test sjen litte of in faksinaasjebewiis.
Mei Testen voor Toegang kinne je mear minsken deryn litte en it jout wissichheid, seit Eijer. "Je meie ek kieze om net nei in test- of faksinaasjebewiis te freegjen by de yngong en dan de 1,5 maatregel te hanthavenjen, mar dat is net te dwaan. Dan binne je mear plysjeman as kroechbaas. Boppedat wolle minsken, lykas earder, útgean en dêr heart gjin 1,5 meter ôfstân by."

Feilichheid

Probleem is noch wol dat der dreech personiel te finen is, benammen portiers by de doar. "Yn oardel jier tiid ha portiers net folle wurk hân en binne ek allegear oare dingen dwaan gongen", seit Eijer.
Hy tinkt dat mei it testen minsken feilich útgean kinne yn Ljouwert. "Wy tinke dat we it reedlik goed ûnder kontrôle ha, mar in útbraak kin altyd gebeure. Dat kin ek earne oars gebeure. Wy tinke dat it op dizze manier feilich kin. En wy fernimme dat minsken hiel bliid binne dat se wer fuort kinne."

Feanster hoareka

Ek sawat alle hoarekaûndernimmers op It Hearrenfean wurkje fan sneon ôf mei Testen voor Toegang. Allinnich minsken fan 18 jier en âlder binne wolkom en sy moatte in jildige coronatest sjen litte. Allinne op dy manier kin de hoareka op folle kapasiteit iepen, seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean.
It is de lêste wiken hiel drok yn it sintrum fan It Hearrenfean. Om lange opstoppingen op strjitte foar te kommen, sette gemeente en plysje yn it útgeanssintrum ekstra minsken yn.
Ton Eijer
© Shutterstock
Yn Snits hâlde trije útgeansgelegenheden it kommend wykein de doarren ticht, om't in tal meiwurkers besmet rekke is. It giet om Café Neighbours, Club 1841 en Alcatraz Café. Dy sitte allegearre ûnder ien dak, yn de Kleine Kerkstraat yn Snits.
De kroegen dogge net mei oan Testen voor Toegang. Neffens de eigener hat dat gjin doel, omdat minsken nei in test dochs corona krije kinne, sei er tsjin Omrop Fryslân.