Mearderheid gemeenteried Ljouwert stimt foar komst wenwyk by Hounspolder

Protesten ha oant no ta neat úthelle tsjin de komst fan in nije wenwyk flakby de Hounspolder by Ljouwert. In grutte mearderheid fan de Ljouwerter gemeenteried stimde woansdeitejûn foar de bou fan 400 huzen by it natuergebiet.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
By it stedhûs fan Ljouwert wie woansdei foar de tredde kear in protest tsjin it bouplan De Hem, súdlik fan de stêd. Neffens de tsjinstanners komt de nije wenwyk fierstente ticht by de Hounspolder te lizzen en hat dat in neidielich effekt op de greidefûgels yn it gebiet.
"Er moet eigenlijk zo'n 300 meter afstand tot de Hounspolder worden gehouden, om de weidevogels die daar zijn te behouden. Nu wordt het 50, 60 meter van de polder vandaan en dan lopen we gewoon een te groot risico dat de weidevogels daar weggaan", sei de Ljouwerter studinte Ellis Mourits, dy't meidie oan it protest.

Wenningtekoart

Neffens de gemeente Ljouwert is de nije wenwyk nedich, om't der in grut tekoart oan wenningen is. By de oanlis seit de gemeente goed rekken te hâlden mei de natuer.
"De ruimte die de beheerders van de Hounspolder ons hebben gevraagd om aan te houden, hebben we aangehouden om ruimte te creëren tussen de Hounspolder en de woningbouw", sei wethâlder Hein de Haan earder.
Ellis Mourits is tsjin bouplan De Hem