'Superlativen tekoart' op earste fierljepfinale fan it seizoen

07 jul 2021 - 22:36

Op de tredde wedstriid fan it seizoen sprongen de Fryske fierljeppers hast yn alle klassen fierder as yn de earste twa. Topper Oane Galama helle sels hast de magyske 21 meter.

Foto: Martin de Jong

Dat der sa fier sprongen is, soe neffens fierljepferslachjouwer Freark Wijma komme kinne trochdat der no foar it earst ek in finalesprong is. By de earste twa wedstriden slagge dat net, fanwege de waarsomstannichheden.

"Dat sjochst direkt werom yn de sprongen. Der binne hiel wat persoanlik rekôrs sprongen yn de finale. Dan witte se presys wêr't de stok stean kin, en dan kinne se noch ien kear pike."

Oane Galama sette mei 20,94 meter de fierste ôfstân fan de dei op syn namme. De Topklassers wienen prima op dreef mei de trije fierste sprongen fan it seizoen. Sytse Bokma waard yn de finale twadde mei in nij persoanlik rekôr fan 20,76 meter. En Nard Brandsma pakte it brûns, ek yn de finale, mei 20,75 meter.

Sjoch hjir nei de bylden

By de junioaren die Wisse Broekstra it eksepsjoneel goed. Hy sprong 19,99 meter. Dêrmei sette hy it skânsrekôr op syn namme. It âlde rekôr waard acht jier lyn delset troch Age Hulder (19,88) "Ik kom superlativen tekoart", seit Wijma. "Hy ferpulveret rekôrs, en is noch mar earstejiers junior."

By de jonges pakte Arend Veenstra de deititel, yn in persoanlik rekôr fan 16,81. By de famkes ljepte Inger Haanstra it fierste. Se sette yn de finale ek in persoanlik rekôr del, mei 15,18. Dêrmei sprong se fierder as de bêste frou. Marije Reitsma sette 14,50 op it skoareboerd.

Topljepster Marrit van der Wal wie der net by. Sy wennet sûnt koart foar har wurk yn Eindhoven en springt dêrom yn prinsipe allinnich yn it wykein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)