Band baalt fan ferbean festival: "Dit is een gigantische klap"

07 jul 2021 - 22:48

De Fryske band Cloudsurfers baalt derfan, dat it festival Welcome to The Village de festivalfergunning ferlern is. It earste echte optreden fan de band liket no net mear troch te gean.

Welcome to the Village - Foto: Ronnie Porte

It festival wurdt normaalwei holden yn it rekreaasjegebiet Griene Stjer, yn Ljouwert. De rjochter hat dat no ferbean, omdat in aksjegroep klage hat oer de skea dy't it festival foar de natoer hawwe soe.

'Ongelofelijk'

Welcome to The Village soe it earste echte optreden west ha, fan de band. Dy bestiet pas sûnt trije moannen foar it begjin fan de coronakrisis.

"We keken er echt wel naar uit", seit Pieter Sloot fan de Cloudsurfers. Hy hâldt der in nuver gefoel oan oer.

Earst leaude er net, dat it trochgean soe. "Het was ongelofelijk dat het ging gebeuren. En dan gebeurt dit. Dat is een gigantische klap. Gewoon kut."

Online

De band hat yn de ôfrûne tiid allinne online optreden. Dat wie oars, seit Sloot. "Op de livestreams speelden we steeds sets van 20 minuten. Nu waren we ons aan het opmaken voor een set van drie kwartier, met live publiek, zonder anderhalve meter. Daar hebben we echt naartoe gewerkt."

Hoe slim oft er it ek fynt, foar de organisaasje is it noch folle slimmer, seit er. "Normaal zijn ze een jaar bezig met de voorbereidingen. Nu moest het in drie maanden. Daar zit bloed, zweet en nu vooral tranen in. Dat is pas echt vervelend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)