De rol fan Peter R. de Vries yn de saak-Vaatstra

07 jul 2021 - 18:10

Peter R. de Vries hat in grutte rol spile by de trochbraak yn de saak-Vaatstra. De misdiedsjoernalist dy't tiisdeitejûn yn Amsterdam delsketten is, hat troch de jierren hinne by ferskate misdiedûndersiken yn Fryslân belutsen west.

Foto: ANP

De Vries wie jierrenlang nau belutsen by de saak-Vaatstra. Hy besocht al yn 2000, goed in jier nei de gewelddiedige dea en ferkrêfting fan de 16-jierrige Marianne Vaatstra by Feankleaster, in grutskalich DNA-ûndersyk fan 'e grûn te krijen.

By de Ljouwerter rjochtbank easke hy dat 20.000 manlju tusken de 20 en 45 jier dy't yn in striel fan 15 kilometer fan it plak fan it misdriuw wenje of wennen, wangslym ôfstean soene moatte foar in DNA-ûndersyk. De rjochtbank wiisde dat fersyk lykwols ôf.

Oare Fryske saken dêr't Peter R. de Vries by belutsen west hat, binne dy fan Karin Grijpstra, dy't foarich jier dea fûn waard yn in sleat by har hûs yn Koarnjum, en de saak fan Simone de Laat. Sy waard yn 1989 yn har hûs yn Ferwert fermoarde. Se wie doe 30 jier âld.

Yn beide saken binne noch hieltiten in soad fragen. De Vries hat him it ôfrûne jier dwaande holden mei de saak-Grijpstra en hold de famylje dêrby op 'e hichte. De saak-Simone de Laat is in saneamde 'cold case'. Oer dy saak makke De Vries yn 2007 in útstjoering, mar dy hat neat opsmiten.

De saak-Vaatstra hat De Vries nea loslitten. Hy hat der meardere programma's oer makke, hie nau kontakt mei de famylje en oerlei geregeld mei plysje en justysje. Yn 2012 feroare de DNA-wetjouwing, wêrtroch't ek famylje fan dieders opspoard wurde koene.

Regionaal DNA-ûndersyk

Der fûn in grutskalich DNA-ûndersyk plak ûnder 8.000 manlju yn de omjouwing fan Feankleaster. Yn novimber 2012 smiet dat in 100 prosint resultaat op: Jasper S., in boer út Aldwâld waard oppakt.

Peter R. de Vries twittere de oanhâlding as earste en wie út 'e skroeven. "Dit is een ongelofelijke mijlpaal. Deze zaak staat al heel lang op nummer 1 in mijn lijst", sei er fuortendaliks nei de arrestaasje. Jasper S. bekende en krige yn april 2013 achttjin jier sel oplein troch de Ljouwerter rjochtbank.

Peter R. de Vries mei Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Komplottinkers stelden dat Jasper S. de dieder net wie, mar dat dy earne oars socht wurde moast. Bygelyks flakby, yn it asylsikerssintrum fan Kollum. Fan dizze fertochtmakkingen moast De Vries neat ha. "Ze zijn hardnekkig en eigenwijs en genoeg van de weg af om te denken dat Jasper onschuldig is. Ik vrees dat we nooit van deze lui afkomen", sei De Vries yn 2014.

Yn dat lêste hie er gelyk, noch altyd binne der minsken dy't leauwe yn de ûnskuld fan de boer út Aldwâld dy't trettjin jier in geheim by him droech en iepenbier makke yn de rjochtsaak tsjin him.

(Advertinsje)
(Advertinsje)