Filmkes fan Frysk Lânboumuseum binne foarbyld foar Europa

07 jul 2021 - 14:32

It Frysk Lânboumuseum rekkenet definityf ôf mei it stoffich imago. De film- en mediapresintaasjes fan it museum binne in foarbyld foar alle Europeeske boeremusea.

Foto: Omrop Fryslan

It Lânboumuseum sil de nije filmkes sjen litte op in grut kongres fan agraryske musea yn Europa, dat dizze moanne yn it Ingelân holden wurdt. Sa wurdt it startskot jûn foar in Europeesk gearwurkingsprojekt dat histoaryske lânboubylden brûkt yn moderne museumpresintaasjes.

Jierren wurk

De filmkes binne makke yn gearwurking mei it Fries Film- en Audio Archief. Meardere minsken ha der jierren mei oan de gong west. "Ik kin wol sizze dat we yn Europa aardich foarop rinne mei dizze ûntwikkeling yn Europa", seit Syds Wiersma fan it Filmargyf.

Yn totaal binne hûnderten lânboufilms besjoen. Dêrút binne bylden selektearre dy't brûkt binne foar de filmkes yn it museum. Sa kinne besikers sjen hoe't it lânbouark dat no yn it museum stiet eartiids op it lân brûkt waard.

Sjoch hjir nei de âlde bylden

Mei de filmkes begjinne de objekten yn it museum echt te libjes, seit direkteur Henk Dijkstra fan It Lânboumuseum. "It wie dreech om yn in koarte beskriuwing dúdlik te meitsjen hoe't in apparaat krekt wurke hat. De filmkes dy't we no presintearje, fertelle folle mear."

It Filmargyf is ek bliid mei de gearwurking. "De meiwurkers fan it lânboumuseum koene ús útlizze hokker masines we krekt seagen", seit Wiersma. "Dy kennis ha we sels net yn hûs. No krigen we de mooglikheid om al it lânboumateriaal te beskriuwen en katalogisearjen..

(Advertinsje)
(Advertinsje)