RIVM: 49 nije besmettingen yn Fryslân

07 jul 2021 - 18:34

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 49 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Tiisdei gie it om 27 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De ôfrûne sân dagen binne yn Fryslân 162 besmettingen fêststeld, foarige wike wiene dat der noch 67. Yn seis fan de achttjin gemeenten binne woansdei gjin nije besmettingen meld.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 3688 nije coronagefallen registrearre. Juster wiene dat der 2253. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 1650 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)