Boeren driigje mei juridyske stappen tsjin oare bedriuwen

Aksjefierende boeren fine dat oerheden optrede moatte tsjin bedriuwen dy't yn de buert fan beskerme natuergebieten sittte sûnder natuerfergunning.
© ANP
Dat sei Sieta fan Keimpema fan de aksjegroep Farmers Defence Force by in boeredemonstraasje yn Assen. Om de bedriuwen yn kaart te krijen, wol se in berop dwaan op de Wet openbaarheid van bestuur (Wob).
De boeren wiene by it provinsjehûs yn Assen om te demonstrearjen tsjin de stikstofregels. Der wiene mear as 100 Fryske boeren by.

'We ha in list mei bedriuwen'

De fergunningen dêr't it om giet, binne nedich as in bedriuw of projekt neidielige effekten ha kin op de beskerme natuer. Dat meldt RTV Drenthe. It giet dan bygelyks oer it delkommen fan stikstof op Natura 2000-gebieten.
"Wy ha in list mei bedriuwen meinaam, en we wolle witte oft se wol in fergunning ha. As dat net sa is, dogge we oanjefte", seit Van Keimpema.
"Dit dogge we net omdat we bedriuwen narje wolle, mar omdat we gjin oare mooglikheid sjogge om derfoar te soargjen dat we allegearre deselde rjochtsposysje krije."
Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force