Meardere kroegen yn Snits hâlde doarren ticht om stapper mei corona

07 jul 2021 - 15:52

Trije kroegen yn Snits hâlde de doarren dit wykein ticht, omdat meiwurkers besmet rekke binne mei it coronafirus. Dat melde de kroegen op facebook.

Foto: ANP

It giet om Café Neighbours, Club 1841 en Alcatraz Café. Dy sitte allegearre ûnder ien dak, yn de Kleine Kerkstraat yn Snits. It is de grutste útgeansgelegenheid fan de stêd.

"Er is afgelopen weekend iemand met corona bij ons op stap geweest, hierdoor zijn ook een aantal medewerkers van ons besmet geraakt", melde de kroegen. "Wij kunnen dan ook niet anders dan onze verantwoordelijkheid nemen en komend weekend onze deuren gesloten houden."

De kroegen dogge net mei oan 'testen voor toegang'. Neffens de eigener hat dat gjin doel, omdat minsken nei in test likegoed noch corona krije kinne. Dat sei er tsjin Omrop Fryslân.

Yn kroegen dy't gjin testbewiis freegje, moatte minsken minimaal oardel meter ôfstân hâlde. Op fragen dêroer woe de eigener gjin antwurd jaan.

Hoarekasaken kinne sels kieze oft se de oardel meter loslitte wolle. Yn dat gefal is in tagongsbewiis ferplichte. "In beide gevallen is de horeca verantwoordelijk voor controle en naleving", lit in wurdfierder fan de gemeente Súdwest-Fryslân witte.

"Dit bedrijf krijgt een brief waarin wij hen nogmaals wijzen op de verantwoordelijkheid en de regels. Het feit dat deze ondernemer zelf de verantwoordelijkheid neemt, kunnen we alleen maar toejuichen."

Trefwurden: 
Snits coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)